Fryske Foarlêswike Selskip fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober
Yn de lêste wike fan septimber geane wer goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 nije Tomkeboekjes mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hûs krije. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep/Afûk. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert. Foarlêze op mear as 400 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen
‘Grutsk kinne wy melde dat foar it earst mear as 400 lokaasjes harren oanmeld ha foar de Foarlêswike’, sa seit Geeske Frieswijk fan it Selskip. ‘Ek ûngefear 250 gastâlders sille meidwaan. No hoopje wy dat der ek echt foarlêzen wurde kin en dat koroana net op ’e nij in spulbrekker is.’
Tiid foar Tomke!
It nije Tomkeboekje ‘Tiid foar Tomke!’ is in spesjaal jubileumboekje, nammentlik nr. 25. It boekje stiet wer fol mei ferhaaltsjes en ferskes en oan dizze spesjale jubileum-edysje is in feestlik jubileumspultsje taheakke. Mear ynformaasje oer Tomke fynst op www.tomke.frl.
Tomkeboekjes yn it Biltsk
Foar de 10e kear komt it Tomkeboekje ek wer út yn it Biltsk. Sa kinne de pjutten op it Bilt ek foarlêzen wurde yn harren eigen taal. Dêrnjonken ferskine der ek elts jier Tomkeboekjes yn it Stellingwerfsk.
Keimpe de Krokodil
Neist it Tomkeboekje is der yn de biblioteken noch in kadootsje te finen. It twadde Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlders en learkrêften) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Yn it Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ steane ferhaaltsjes om foar te lêzen en ek foar begjinnende lêzers om sels te lêzen. Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen en ek dat dat hielendal net sa yngewikkeld is.