Fryske Foarlêswike útsteld

Goed 600 foarlêzers geane alle jierren yn de earste folle wike fan juny op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije. Yn 2020 rint it troch it Koroanafirus allegear oars en wurdt de Foarlêswike foarearst útsteld nei letter yn it jier.

Fryske Foarlêswike útsteld
Yn 2020 giet it allegear oars. Yn juny sille in hiel soad pjutten net op de pjutte-opfang wêze, mar thús. De foarlêswike wurdt dêrom útsteld nei letter yn it jier, nammentlik de wike fan 26 oant en mei 30 oktober. Dy datum is noch ûnder foarbehâld, mar as it nei de simmer goed liket, dan komt Tomke yn oktober graach wer by de pjutten del! De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Tomke moat ek thús bliuwe, mar
Oant dy tiid hoege bern Tomke net te missen! Skriuwster Riemkje Pitstra hat in moai en foar pjutten werkenber ferhaaltsje skreaun oer de bysûndere situaasje dêr’t wy no mei syn allen mei te krijen ha: ‘Achter it rút’. Tomke wol graach nei buorman Piter, mar dy wennet yn in grut hûs mei oare âlde minsken en dêr mei hy no net hinne. Mar Tomke hat in idee! By dat ferhaaltsje is in lesbrief makke, mei aardige suggestjes foar aktiviteiten foar thús. Op www.tomke.frl binne ek kaarten te finen dy’t de bern moai ynkleurje en opstjoere kinne nei harren eigen pake, beppe, buorman of buorfrou.

Op de Tomke-site en yn de Tomke-app (fergees fia de app-stores) binne noch mear moaie ferhaaltsjes, ferskes, filmkes, spultsjes en nifelwurkjes te finen én âlders kinne no tydlik ek tagong krije ta de ‘Tomketeek’: it digitale platfoarm grôtfol Fryske taalaktiviteiten dat gewoanwei allinne foar de pjutte-opfang beskikber is. Fia ynfo@tomke.nl is in ynlochkoade op te freegjen.