Grut Foarlêsfeest ôftraap foar ‘Lês-mar-foar-wiken’

Fan 5 oant en mei 30 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje dat fan ‘t jier it tema ‘thús’ hat. Nei it foarlêzen op de pjutte-opfang krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dêrnjonken is it boekje de hiele moanne fergees te krijen by de biblioteken en konsultaasjeburo’s.Nije namme, selde doel
Omdat de organisaasje feroare is, is de namme ‘Fryske Foarlêswike’ feroare yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Net mear ien wike yn juny, mar de hiele moanne septimber wurdt der no yn it Frysk foarlêzen. Wat ek nij is, is dat alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra yn july in foarlêspakketsje krigen ha. Mei dat pakketsje kinne foarlêzers harren alfêst tariede op de Lês-mar-foar-wiken.

Grut Foarlêsfeest
Sneon 3 septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken feestlik ôftrape mei in Foarlêsfeest. Alle pjutten binne dy dei wolkom by Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Fan 10.00 oant 15.00 binne dêr allegear leuke aktiviteiten om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne: foarlêzen, sels lêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… Kaartsjes foar it feest binne te krijen fia paviljoenmem.nl.

Nij Tomke-boekje
It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’ en sit wer grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer ferhúzje, in pyamadei en plakhúskes. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Nij Keimpe-boekje
Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar de âldere bern (4-8 jier) leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear. It boekje hjit ‘Nei bûten!’. Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl.

Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Sa kinst wekker wurde yn ‘e sliepkeamer fan Tomke, mei de muzikale foarstelling ‘Us hûs!’ fan Janneke Brakels. Of kom nei in foarstelling fan Geartsje Douma, dan giest yn dyn pyama nei de biblioteek om mei Tomke en Kornelia in pyamafeestje te hâlden. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Dat is hjir ek te krijen!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’
Fan 5 septimber ôf binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje, yn it programma ‘Tsjil’ by Omrop Fryslân. Nij dit jier: op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren!

De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep.  Sjoch foar mear ynformaasje oer alle festiviteiten yn de Lês-mar-foar-wiken op tomke.frl.