'Het beest met de kracht van tien paarden' fan Lida Dijkstra nominearre foar Boekenleeuw

Fannemiddei waard bekend makke dat skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra mei har boek ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ nominearre is foar de Boekenleeuw. De Boekenleeuw is Flaamske priis foar it bêste berne- en jeugdboek fan Flaanderen en Nederlân. Op 2 novimber o.s. wurdt de winner fan de Boekenleeuw bekend makke.  It boek ferskynde by útjouwerij Luitingh Sijthoff en is op dit stuit yn werprint. Earder waard it boek al útkeazen as ‘kerntitel‘ foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen. Tagelyk mei de nominaasjes foar de Boekenleeuw waarden ek de nominaasjes foar de Boekenpauw bekend makke. Dat is de priis foar it moaist yllustrearre berne- en jeugdboek.

Lês hjir it sjueryrapport. Lokwinske Lida!