Kadootsje fan Praat mar Frysk! #FryskSichtber

Fan 21 oant 26 febrewaris fiere wy Ynternasjonale Memmetaaldei mei #FryskSichtber. Yn dy wike wolle wy de Fryske taal safolle mooglik sichtber meitsje. Om’t wy tsjinwurdich in soad tiid efter it skerm sitte yn Teams of Zoom of oare wurk-/oerlisomjouwingen, hawwe wy fjouwer digitale eftergrûnskermen makke dy’tst brûke kinst by dyn oerlis- en bypraatmominten.

De skermen kinst hjir (zip bestand) downloade! In soad wille dermei! Wolst fierder ek noch meidwaan oan #FryskSichtber? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.