Keninklik Eise Eisinga Planetarium skitteret yn nij Gouden Boekje
Op freed 21 novimber is yn it stedhûs fan Frjentsjer in bysûnder nij part yn de ferneamde Gouden Boekjes-rige ferskynd: it orizjinele berneboek Sipke sjocht stjerkes / Sipke sjocht stjerkes, oer it Keninklik Eise Eisinga Planetarium. It ferhaal is skreaun troch Lida Dijkstra, winneres fan de Gouden Griffel 2025, en yllustrearre troch Hanne Snel. By de presintaasje lies Lida Dijkstra it nije ferhaal foar oan in jong en entûsjast publyk. Yn de histoaryske trouseal fan it âlde stedhûs, ûnder it ikoanyske portret fan Eise Eisinga, kaam Sipke ta libben.Oanslutend fertelde yllustrator Hanne Snel hoe’t mûske Sipke Pipermûs foarm krige yn har tekeningen en hoe’t sy him nei it planetarium brocht.
“Ik woe in ferhaal skriuwe dat bern útnûget om mei deselde ynteresse nei it hielal te sjen as Eise Eisinga dat ea die,” fertelt Lida Dijkstra. “Fia mûske Sipke en syn pake Pipermûs, bekend út myn oare Gouden Boekjes, sille jonge lêzers en harren foarlêzers grif ek sels ûntdekke wolle hoe’t it planetarium yninoar stekt”, ferfolget Lida. “Ik wit noch goed hoe’t ik as bern foar it earst yn it Planetarium kaam mei myn âlden. It hat doe in ûnútwisbere yndruk op my makke. Dat gefoel wol ik graach diele mei de bern fan no.”
It Gouden Boekje makket diel út fan de spesjale UNESCO Wrâlderfgoedrige, wêryn’t Nederlânske wrâlderfguodsites op in boartlike en tagonklike wize ferbylde wurde foar bern. Dêrmei krijt it planetarium in bysûnder plak yn in rige dy’t generaasjes lêzers betsjoend hat. “Het is bijzonder dat er in de vorm van een Gouden Boekje een kinderverhaal wordt toegevoegd aan de rijke geschiedenis van het Planetarium,” seit direkteur Adrie Warmenhoven. “Zo ontdekken jonge lezers op een laagdrempelige manier niet alleen de magie van het bouwwerk, maar ook de verwondering waarmee Eisinga zelf naar de sterren keek.”
It earste eksimplaar waard yn de gearkomste offisjeel oerlange oan berneboargemaster Doutzen Jorritsma troch foarsitter fan de Stichting Werelderfgoed Nederland, Luzette Kroon. In symboalysk momint wêryn’t erfgoed, edukaasje en in goed berneferhaal byinoar kamen. It boek ferskynt by Rubinstein yn gearwurking mei Afûk en slút oan by oare Gouden Boekjes oer Nederlânske UNESCO Wrâlderfgoedsites.
De Gouden Boekjes binne al sûnt de jierren fyftich in favorite klassiker ûnder jong en âld. De rige, oarspronklik ôfkomstich út Amearika en letter oerset en útwreide yn Nederlân, stiet bekend om har tiidleaze ferhalen en karakteristike gouden rêchje. Yn gearwurking mei Stichting Werelderfgoed Nederland wurde der de lêste jierren ek spesjale edysjes útbrocht dy’t Nederlânske Wrâlderfgoedsites ûnder de oandacht bringe. Sa leare bern op boartlike en werkenbere wize oer de rike skiednis fan ús lân.
Mear ynformaasje oer it nije Gouden Boekje Sipke sjocht stjerkes/Sipke ziet sterretjes of fuortendaliks bestelle? Gean nei ús websjop.