Thús Frysk leare mei de digitale metoaden fan de Afûk

Learlingen leare Frysk op skoalle mei Spoar 8 of Searje 36. Dizze metoaden fan de Afûk wurde oanbean yn in digitale learomjouwing. Dat hat as grut foardiel dat learlingen net allinnich op skoalle, mar ek thús mei it Fryske lesmateriaal oan de slach kinne no’t de measte skoallen ticht binne.Skoallen dy’t in lisinsje foar Spoar 8 of Searje 36 hawwe, kinne de metoade brûken bliuwe sa’t se dat wend binne. Learlingen logge no allinnich net op skoalle yn, mar op harren tablet of kompjûter thús. Wol is it tûk om yn de skoalomjouwing foaral lesmateriaal klear te setten dêr’t learlingen selsstannich mei oan de slach kinne. Bygelyks de #fakfavoriten foar thús! Ien fan de faklearkrêften Frysk (CSG Bogerman, Balk) oer it thús ûnderwizen fan de learlingen:

‘Thúsûnderwiis? Foar my feroaret der neat. Hyp hoi foar Searje 36!’

Fryske #fakfavoriten foar thús
Dizze #fakfavoriten binne net allinnich geskikt foar op skoalle, mar ek foar thús.

Temateek út Spoar 8
Yn de Temateek foar groep 1-4 binne in soad losse lesmaterialen te finen dêr’t learlingen selsstannich mei oan de slach kinne. Tink oan ferhaaltjes, Ynteraktive Sykplaten, spultsjes, printbere wurkblêden of de útstjoeringen fan Skoaltv.
→ Set de lesmaterialen klear foar de learlingen yn ien les of meitsje ferskillende lessen.

Lêsline út Spoar 8
Mei de Lêsline foar groep 3-4 leare learlingen Frysk (technysk) lêzen. Learlingen kinne selsstannich lâns alle Lêsline-stasjons reizgje, want Keimpe de Krokodil leart se yn alle lessen in Fryske ‘letter’ oan. De elemintêre lêshanneling moat behearske wêze.
→ Set de Lêsline klear foar de hiele groep of yndividuele learlingen dy’t der oan ta binne.

Meunstertún út Spoar 8
Meunstertún foar groep 5-8 is de adaptive game dêr’t learlingen selsstannich de Fryske stavering en grammatika mei leare kinne.
→ Meunstertún stiet klear op it dashboerd.

Royal Friesian út Searje 36
Mei it projekt Royal Friesian nimme learlingen in dûk yn de histoarje en ûntdekke alles oer in ferneamde Fries.
→ Royal Fiesian is te finen ûnder ‘oar lesmateriaal’ en kin fan dêrút klearset wurde foar de learlingen.

LêsNo! út Searje 36
Foar de learlingen binne der ferskillende moaie, spannende en grappige boeken dy’t (online) lêzen én harke wurde kinne. Der binne ek opdrachten by de boeken te finen.
→ LêsNo! is te finen ûnder ‘oar lesmateriaal’ en kin fan dêrút klearset wurde foar de learlingen.

Twastriid út Searje 36
Twastriid foar de twadde en tredde klasse is de adaptive game dêr’t learlingen de Fryske stavering en grammatika mei leare kinne.
→ Set Twastriid klear foar de learlingen fanút ‘Lear!’.

Learlingen thús wurkje litte mei Spoar 8
Learlingen kinne ynlogge fia http://spoar8.edufrysk.nl/groepslogin mei harren plaatsjekoades, krekt as op skoalle. De learkrêft fynt de plaatsjekoades ûnder ‘groepsynloch’ op it dashboerd. Klik op de i-knop efter de groep om de plaatsjeskoades te besjen.

Learlingen thús wurkje litte mei Searje 36
Learlingen kinne ynlogge fia http://searje36.edufrysk.nl mei harren brûkersnamme en wachtwurd, krekt as op skoalle.

Sûnder in lisinsje thúswurkje: fergees!
Foar skoallen yn it basisûnderwiis dy’t gjin lisinsje hawwe, is de demo-omjouwing fan Spoar 8 tydlik tagonklik sûnder skoalaccount. Sa kin elkenien thús oan de slach mei it Frysk! Yn de demo-omjouwing stiet foar alle groepen nijsgjirrich lesmateriaal klear, dêr’t de learlingen selsstannich mei wurkje kinne. Tink oan Ynteraktive Sykplaten, spultsjes, printbere wurkblêden, de Lêsline en de game Meunstertún.

Learlingen thús wurkje litte mei de demo-omjouwing
Learlingen kinne ynlogge fia http://spoar8demo.edufrysk.nl en klikke op ‘Fierder gean as gast’.

Wy helpe dy graach!
Belje de Afûk op 058 234 30 70 of stjoer in e-mail nei spoar8@afuk.frl / searje36@afuk.nl.