Lês-mar-foar-wiken 2026 sette útein mei alderearste Tys & Teske-materiaal

Fan 1 oant en mei 25 septimber binne  de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Mei dy jierlikse kampanje wurdt omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Dit jier wurdt foar it earst foarlêzen út in ‘Lês-mar-foar-boekje’ fan Tys & Teske. Dat bart op berne- en pjutte-opfanglokaasjes, mar fansels ek thús. Dêrneist hawwe alle berne-opfanglokaasjes en gastâlden dy’t dat oanfrege hawwe in startpakket fan Tys & Teske krigen. It pakket bestiet út it nije knibbelboek, spesjaal ûntwikkele foar pedagogysk professionals, it Tys & Teske-foarlêsboek en poppen fan de beide karakters.Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Oeral yn Fryslân wurdt dan (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels ek thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, it is ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. Hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Om it Frysk noch mear in plak te jaan op de berne- en pjutte-opfang kin it nije materiaal fan Tys & Teske ynset wurde, dat foar in part spesjaal ûntwikkele is foar pedagogyske professionals en oanslút by lanlike metoades.

Alderearste Tys & Teske-foarlêsboekje en nij Keimpe-boekje
It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘Spot oan!’. Dêrmei slút de kampanje oan by it tema fan de lanlike Kinderboekenweek dy’t yn oktober plakfynt. Foar de pjutten ferskynt by dat tema it alderearste Lês-mar-foar-útdielboekje fan Tys & Teske, dêr’t by gastâlden en op de pjutte- en berne-opfang út foarlêzen wurde kin. Nei ôfrin krije de pjutten it boekje mei nei hûs, sadat de bern ek thús noch genietsje kinne fan de ferhalen. It boekje ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers. Foar de âldere bern (4 oant en mei 8 jier) ferskynt in nij Keimpe-boekje ek mei it tema ‘Spot oan!’. De Keimpe-boekjes binne, lykas de Tys & Teske foarlêsboekjes, foar elkenien fergees op te heljen by de biblioteken yn Fryslân. Ek alle basisskoallen krije in eksimplaar fan it Keimpe-boekje tastjoerd om yn de Lês-mar-foar-wiken út foar te lêzen.

Oare foarlêsaktiviteiten
Op it online platfoarm ‘De Voorleeshoek‘ binne fan dizze moanne ôf 25 filmkes fan Fryske berneboeken foar bern yn alle leeftiden te finen. Genietsje fan Pykje Fjouwer, By beppe útfanhûs, de Sipke-boekjes én de nije ferhalen fan Tys & Teske fansels! Op 12 septimber kinne bern mei ‘Uit in Huis’, de ôftraap fan it kulturele seizoen yn Ljouwert, meidwaan oan de ‘Tys & Teske-foarlês-speurtocht’ by Tresoar yn Ljouwert. Sykje de foarlêzers en genietsje fan de ferhalen dy’tst fynst! Op tsjil.omropfryslan.nl binne bernefilmkes te besjen fan Pong Pong Dino, Ut it printeboek en Wat in aventoer. Dêrneist wurde der mei de Lês-mar-foar-wiken ferskate foarlês-, dûns- en muzykfoarstellingen organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. En, foar bern fan 2 oant en mei 8 jier leit dêr in fergees Tys & Teske- of Keimpe-boekje klear. Dus: lês mar foar!

It Lês-mar-foar-projekt wurdt organisearre troch Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken is te finen op lesmarfoar.frl.