Alle moannen in lêstip fan Keimpe
Keimpe de Krokodil is gek op lêzen en ferhalen. Mei lêzen en ferhalen kinst fan alles belibje en it is ek noch ris goed foar dyn taalûntwikkeling en konsintraasje. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Keimpe wol dêrom sjen litte dat Frysk lêzen hiel leuk is en hielendal net yngewikkeld! Dêrom jout hy alle moannen in lêstip, geskikt foar bern op de basisskoalle.By elke lêstip krigest fan Keimpe ek noch wat ekstra’s, bygelyks in kleurplaat, in lesbrief, in filmke, opdrachten en fansels resinsjes. De lêstip fan Keimpe wurdt alle moannen bekend makke fia de webside én socials fan heit&mem. Wy winskje dy in protte (foar)lêswille ta!
Mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl.