Lida Dykstra nominearre foar Flaamske literatuerpriis

De Fryske berneboeke-skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet mei har boek ‘Schaduw van Toet’ op de longlist foar de Boon, in nije Flaamske literatuerpriis dy’t yn 2021 it ljocht seach. De priis bestiet út twa kategoryen: de Boon foar fiksje en non-fiksje en de Boon foar berne- en jeugdliteratuer en wurdt begjin takom jier foar de earste kear útrikt.In jier lang ha faksjuery’s it grutte tal ynstjoerings lêzen. Se selektearren foar beide kategoryen elk 15 boeken dy’t kâns meitsje om de Boon te winnen. Mids jannewaris wurdt de shortlist (5 boeken de kategory) bekend makke. Op 24 maart 2022 bekroant de Boon foar de earste kear in boek yn út beide kategoryen yn CC De Grote Post yn Oostende. De winners krij elk € 50.000,-.

De Boon slút oan by de oare literatuerprizen yn it Nederlânsk taalgebiet: de Libris en de Boekenbon Literatuurprijs. Boppedat wurdt de Boon foar berne- en jeugdliteratuer de grutste priis wat prizejild oanbelanget foar berneboeken yn de Lage Landen.

Mear ynformaasje oer de priis is te finen op www.deboon.be.