Nasjonale Boekewike: 29 maaie oant en mei 6 juny 2021

It is safier: fan 29 maaie oant en mei 6 juny is it yn Nederlân Boekenweek! De boekwinkels binne wer iepen, dus in moaie oanlieding om wer ris even lâns te gean by dyn favorite boekferkeaper
In boek keapje yn de Boekenweek is ommers nóch leuker as oars want by besteging fan € 15,00 of mear, krigest it Boekenweekgeschenk der fergees op ta.

It Boekenweekgeschenk, ek yn it Frysk
Fan ‘t jier krigest by besteging fan minimaal € 15,00 oan boeken it Boekenweekgeschenk Wat wij zagen fan Hanna Bervoets kado. Ek dit jier hat it CPNB yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân wer in Fryske oersetting meitsje litten. Yn de oersetting makke troch Baukje Zijlstra is it boekewikegeskink ûnder de titel Wat wy seagen te krijen. Kinst dus kieze tusken de Frysktalige of de Nederlânsktalige edysje as geskink. En omdat troch koroana alles oars as oars is, is it Boekewikegeskink ek nei de Boekenweek noch de hiele moanne juny beskikber (op=op).

Wat wy seagen
Wannear’t Kayleigh yn de finansjele problemen rekket, sollisitearret se nei in baan as ‘kontint moderator’ foar in online platfoarm dêr’t se de namme net fan neame mei. Har taak: beoardielje watfoar oanstjitjaande filmkes, foto’s en tirades ferwidere wurde moatte.

It wurk is swier. Kayleigh en har kollega’s sjogge ôfgryslike dingen foarbykommen, en de rjochtlinen fan it platfoarm binne faak amper nei te kommen. Dochs fielt Kayleigh har op har plak, want binnen it moderatoareteam fynt se bruorskip. En as Kayleigh fereale rekket op har kollega Sigrid laket de takomst harren ta. Of liket dat mar sa? ‘Wat wy seagen’ is in ferhaal oer wa’t of wat ús wrâldbyld bepaalt.

Gjin ferstjoerskosten foar bestellingen yn de websjop
Om de Nasjonale Boekewike te fieren wurde der de hiele wike, fan sneon 29 maaie oant en mei snein 6 juny, gjin ferstjoerskosten rekkene by online bestellingen yn de Afûk-websjop. Ek by bestellingen yn de websjop jildt datst by oankeap fan € 15,00 of mear it Boekewikegeskink der fergees by krijst. Keapest wat foar in kadootsje? Dan pakke we it fansels moai foar dy yn!

Sjoch ek www.cpnb.nl.