Nasjonale Foarlêsdagen: helje dyn fergees Tomkeboekje by de byb

Fan 26 jannewaris o/m 5 febrewaris binne it ‘de Nationale Voorleesdagen’. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal-)ûntwikkeling fan bern en it prikelet de fantasij. En it is ek nochris hiel gesellich!Fergees Tomkeboekje by de byb
Tidens de Nasjonale Foarlêsdagen, noch oant en mei 5 febrewaris, leit der by de bibleteek foar alle lytse ‘lêzers’ in fergees Tomkeboekje klear. Yn dit nije ferhaaltsje giet it net yn it foarste plak oer Tomke, mar hat Romke de haadrol! ‘Wêr is Romke’ hjit it boekje. Bisto al benijd? Dan gau nei dyn bibletekke want op = op.

Printeboek fan it jier
It printeboek fan it jier 2022 is ‘Maar eerst ving ik een monster’ fan Tjibbe Veldkamp. It boek giet oer in hiel koart ferhaal foar it sliepengean. In hiel koart ferhaal dat hieltyd langer wurdt, om’t der noch meunsters fongen wurde moatte. It boek is net yn it Frysk ferskynd mar kinst it wol yn it Frysk foarlêze want wy ha in Fryske oersetting foar jim makke. De oersetting is ûnderdiel fan de spesjale lesbrief dy’st hjir downloade kinst.

Foar mear ynformaasje en nijs sjochst op www.hebban.nl/nationalevoorleesdagen.