Natoer-Lêskoffers foar alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard hjoed de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite oan alle skoallen yn dy beide gemeenten.Lida Dykstra is optein: ‘Dit is in prachtige gearwurking mei De Klyster. Dêrtroch krije yn ien klap alle 47 basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel de Lêskoffer fan harren gemeenten kado en is boppedat regele dat ik by alle skoallen op besite kin om de bern foar te lêzen en oer de boeken te fertellen. It is moai dat beide gemeenten dat op dizze wize mooglik meitsje.’

Projekt-meiwurker Jan Tiede Bouma fan De Klyster: ‘Wy ha as doel om bern yn ’e kunde komme te litten mei de natoer om harren hinne. En boeken biede in prachtige ynfalshoeke om bern entûsjast te krijen foar de natoer. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.’

By de skoalbesites yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân leit de klam foar de Berneboeke-ambassadeur op Fryske berneboeken dêr’t de natoer ticht by hûs in grutte rol yn spilet. De Lêskoffers foar de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne oanbean troch natoeredukaasjesintrum De Klyster.

Oare skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne harren ek noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel de Lêskoffer bestelle. De lesbrieven oer de Fryske berneboeken út de Lêskoffer binne foar elkenien fergees te downloaden fia de website. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.berneboekeambassadeur.frl.

De Berneboekeambassadeur is ûnderdiel fan Boeken fan Fryslân.