NIJ! Adam en syn tuba

Alwer in prachtich nij printeboek fan Utjouwerij Afûk: Adam en syn tuba. It ferhaal giet oer Adam dy’t net út in hiel gewoane famylje komt. Sa kin syn Pake Andrys gefaarlike dingen mei swurden, syn beppe Antonia blaast plommen fan fjoer en syn heit en mem dûnsje heech yn ’e tinte oer in koard. Oare famyljeleden jonglearje of meitsje spektakulêre minsklike pyramides. En Adam? Adam fynt neat oan sokke dingen en de famylje makket har soargen. Wat ha se ferkeard dien? Mar dan seit ien: ‘Wat as wy Adam ris freegje wat hy it leafst docht?’ En dan wurdt alles oars. Wêr komt dochs dy moaie muzyk wei? Soe dat Adam wêze kinne?

Adam en syn tuba is in poëtysk boek fan Žiga X. Gombač en Maja Kastelic oer it finen fan in eigen paad foar bern fan 5-8 jier. De Fryske oersetting út it Dútsk wei, is makke troch Tjitske van Dijk.

Adam en syn tuba slút goed oan by it tema ‘Spot oan!’ fan de nasjonale berneboekewike fan 30 septimber o/m 11 oktober 2026. It boek is no te keap yn de boekhannel en fansels fia websjop.afuk.frl.