Janneke Brakels debutearret as berneboekeskriuwster mei twatalich boek 'De Wiksel - De Wissel'
By útjouwerij Afûk is it earste berneboek fan Janneke Brakels ferskynd. Brakels debutearret mei De Wiksel – De Wissel, in twatalich jeugdboek dat je fan twa kanten lêze kinne. Ut it perspektyf fan twa jonges wei ferkent se hoe’tst inoar better begripen learst ast iepenstiest foar in oare wrâld. In spannend ferhaal dat de lêzer neitinke lit oer oare kultueren, freonskip en oer dyn eigen kar doare te meitsjen.Doe’t Janneke Brakels har sjongskoalle ferkocht, ûntstie der romte foar in langkoestere winsk: sels in boek skriuwe. Se folge trainingen, ferdjippe har yn it skriuwersfak en wurke mei grutte tawijing oan har earste jeugdboek. Mar as se dan in ferhaal skriuwe soe, woe se der ek in boadskip yn meijaan. De Wiksel – De Wissel is in twatalich jeugdboek oer twa jonges dy’t mei-inoar yn kontakt komme en inoars wrâld kennen leare.
Ynspiraasje út Tunesië
In wichtige ynspiraasjeboarne foar it ferhaal fûn Janneke by famyljebesites oan Tunesië, dêr’t de pake fan har bern wennet. Yn in âld, smûk hûs yn Akouda, in stedsje op sa’n tsien kilometer fan Sousse, kaam se fan tichteby yn ’e kunde mei in oare wize fan libjen. In wrâld wêryn’t omtinken útgiet nei famylje, dêr’t minsken mei in bytsje romte in soad mei-inoar diele en dêr’t it libben him foar in grut part bûten ôfspilet.
Wat yndruk op har makke, wie de fanselssprekkendheid wêrmei’t har eigen bern har oanpasten. Hoewol’t se thús in hiel oar komfort wend binne, makken se maklik kontakt mei bern út de buert. Sûnder in wurd Arabysk te praten, fûnen se inoar yn it spul op strjitte.
Dy ûnderfiningen sette har oan it tinken oer de wize wêrop’t minsken nei elkoar sjogge. Hoe maklik lûke we konklúzjes oer in oar, wylst we inoars wrâld amper kenne? En wat bart der as we dy wrâld wól besykje te begripen? ‘Op it momint dat je je iepen stelle foar it libben fan de oar, krije je mear begryp foar elkoar, sa seit Brakels.
Twa ferhalen, ien boek
Yn De Wiksel – De Wissel komt dy gedachte ta libben yn de ferhalen fan Lucas en Qamar. It boek hat twa foarkanten en is fan twa kanten te lêzen. Begjinst oan de iene kant, dan ûntdekst it ferhaal fan Lucas yn it Frysk. Draaist it boek om, dan learst Qamar kennen yn it Nederlânsk. De twa jonges moetsje elkoar en bouwe in bân op. Mar elk belibbet dy moeting út syn eigen eftergrûn en perspektyf wei. Krekt troch de beide ferhalen te lêzen, ûntdekt de lêzer wat der bart as ferskillende wrâlden inoar reitsje. Dizze bysûndere foarm is dêrby mear as in boartlike fynst: beide perspektiven binne nedich om it ferhaal kompleet te meitsjen. Mei har skriuwersdebút wol Brakels jonge lêzers neitinke litte oer oare kultueren, freonskip en de moed om eigen karren te meitsjen. Want miskien lykje wy op it earste gesicht hiel ferskillend, mar ûntdekke wy krekt yn it kontakt mei elkoar hoefolle oft wy gemien hawwe.
Boekpresintaasje
Op freed 30 oktober 2026 presintearret Janneke Brakels har earste jeugdboek De Wiksel – De Wissel yn Café de Bak, Blokhuispoort 40 yn Ljouwert. De presintaasje begjint om 16.00 oere en elkenien is fan herten wolkom. Utjouwerij Afûk is ek oanwêzich en besikers kinne it boek dizze middei fansels ek fuortdaalk keapje.
Boekgegevens De Wiksel – De Wissel
Auteur: Janneke Brakels
Yllustrator: Githa Schrijver, Illustratiestudio Githa
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 331 8922
Ferkeappriis: € 17,99
Tal siden: 122