Nij ferskynd! 'Hero', in jeugdboek mei in Frysk hynder yn de haadrol

Yn 2003 publisearre Orca Books Publishers in Ingelsktalich jeugdboek mei de titel ‘Hero’. Skriuwster Martha Attema, yn Fryslân berne en nei Canada emigrearre, giet oer de belibbenissen fan Izaak en syn favorite hynst Hero yn WOII. It boek is basearre op it wierbarde ferhaal fan de hynst Held 140 en is no yn in Fryske oersetting fan Martsje de Jong ferskynd by útjouwerij Afûk. ‘Hero’ wurdt freed 5 novimber feestlik presintearre by de 15e edysje fan Jou bern in boek fan de gemeente Noardeast Fryslân en de Bibliotheek Noord Fryslân. Alle bern yn groep 5 (sa’n 530) krije ‘Hero’ kado.

Basearre op histoaryske feiten
It boek giet oer de jonge Izaak, dy’t yn ‘e neidagen fan de twadde wrâldoarloch fanút in skûladres yn Amsterdam nei Fryslân brocht wurdt omdat hy gefaar rint. Op syn nije ûnderdûkadres, in pleats yn it noarden fan Fryslân, slút hy freonskip mei de prachtige swarte hynst Hero (Held 140 preferent) en besiket er, tegearre mei de famylje fan syn ûnderdûkadres, út alle macht om it hynder út hannen fan de Dútsers te hâlden.

Held 140 ferburgen hâlde
It boek kaam ta stân nei ‘t Martha Attema yn it jier 2000 wat kranteknipsels fan har heit krige. It wiene stikken oer har eigen âldomke Jan. It giet hjir om Jan Hoogterp fan Dearsum, de fokker en eigner fan de KFPS-stamboekhynst Held 140. Dy hynst is berne yn 1928 en hat Clasina (Paulus 121) en Arend 131P as heit en stie ter dekking yn de jierren 1931 oant en mei 1950. Held 140 wie al op jonge leeftiid ‘preferent’ en waard yn de oarlochsjierren sekuer ferburgen hâlden foar de Dútsers dy’t wol belang hiene by grutte sterke hynders. Dat gie in hiel skoft goed, mar yn de lêste moannen fan de oarloch, doe’t in soad Dútsers nei Noard-Hollân flechten foar de alliearden, waard it hynder dochs noch yn beslach nommen. Andries Hofstee, de fêste stâlfeint fan de famylje Hoogterp gie mei de hynst mei. Held 140 rûn foar in boerewein, fol laden mei Dútsers, harren wapens en iten, oer de Ofslútdyk nei Amsterdam. Hynder en menner wisten nei it ôfleverjen fan harren fracht te ûntsnappen en kamen úteinlik, hiel wat wiken letter, dochs wer feilich en wol thús yn Fryslân. Sa gie it echt en sa wurdt it ek, yn in romantisearre ferzje, omskreaun yn it boek Hero.

Oer de auteur
Martha Attema (1949) is berne yn Menaam en emigrearde yn 1981 nei Kanada. Oant dy tiid wurke se as ûnderwizeres op û.o. in basisskoalle yn Gytsjerk.

No yn it Frysk
Saakje van der Meulen-de Roo, in freondinne fan de skriuwster, is de oanlieding ta it op ‘e nij ferskinen fan it boek yn it Frysk. Martsje de Jong hat foar de Afûk de oersetting makke. It jeugdboek is no twatalich. It earste part is yn it Frysk en dêrnei folget deselde tekst yn it Ingelsk. De 1e printinge fan 750 stiks is ûnderwilens al hast útferkocht en de Afûk is dwaande mei de tariedings foar in 2e printinge.

Wytse 462 as ‘covermodel’
Foar de omslachfoto kaam de Afûk, fia it KFPS, yn kontakt mei Johanna Faber. Ut de argiven kamen foto’s tefoarskyn fan in ‘shoot’ mei Wytse 462. Dy bylden pasten by de winsken fan de foarmjouwer en sa waard Wytse 462 ‘cover-model’. Famylje Kruis en Johanna Faber binne der wiis mei dat sy op dizze beskieden wize in lytse bydrage oan it boek leverje koene. “Ik vind het echt prachtig en ben eigenlijk best een beetje trots. Ik herken Wytse ook wel een beetje in Held 140 en hoe bijzonder is het daarnaast dat Wytse ook Held 140 in zijn stamboom heeft staan!”, seit Coby Kruis. Ek Johanna hat it oer dy tafalligens. Doe’t sy nammentlik ferline jier drok dwaande wie mei de ‘Grote Brabantse Friezenquiz’ kaam sy ek it ferhaal oer Held 140 tsjin en rekke der troch yntrigearre. “Ik had werkelijk geen idee dat het boek Hero van Martha Attema gebaseerd was op het verhaal van Held 140. Heb me er eerlijk gezegd ook niet in verdiept. Ik heb een foto aangeleverd en er verder niet bij stil gestaan. Nu ik vernomen heb dat Hero dus eigenlijk Held 140 is en ook nog in de stamboom van Wytse 462 voorkomt vind ik het helemaal bijzonder. Net als Coby heb ik het boek in één keer uitgelezen”.

‘Hero’ is no te keap yn de boekhannel of fuortendaliks te bestellen yn de Afûk websjop.