Nij! Fryske bernefilmkes mei dochplaten

Enge monsters ûnder it bêd, nuvere bisten yn Fryslân, in hiel fiis filmke oer poep en in famke dat fertriet hat. Sjoukje de Boer en Franke Wiersma hawwe fjouwer prachtige filmkes makke mei ferskes en animaasjes oer tema’s dy’t werkenber binne foar bern. By alle filmkes is in dochplaat makke, mei lês-, praat- en dochtips foar thús.Tema’s binne: monsters, bisten, fiis en rou. Fynst de filmkes en oanbelangjende dochplaten op heitenmem.nl. In soad wille dermei!