Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt syn gedichten ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. Hoe kin it dan oars dan dat syn nijste gedicht hannelet oer it korona-firus.

Ferkâlden

Troch syn gekuch mei er net nei bûten.
Foar âldere minsken kin dat gefaarlik wêze,
sei syn mem. Hast al syn strips hat er al twa
kear lêzen. Trije wiken sûnder skoalle
duorret toch wol lang.

Syn heit sei: trije wiken is noch neat, jong.
Pake hat yn ‘e oarloch dik trije jier net
nei skoalle west. Sa lang, lake er, sil dit
toch hooplik net duorje. Dan sitte we hjir yn
2023 noch.

Mar heit makke net hieltyd grapkes, soms
seach er lang op ‘e telefoan. Saniis prate er
sacht mei mem oer jildsaken en ZZP.

Hoelang sil dit allegear noch duorje, wannear
wurdt it wer gewoan? Juster hearde er op it
nijs, foarútsjen kinne we net sa fier.

Op bêd tocht er oan pake en oan himself oer
tachtich jier. Hoe sil er mei syn pakesizzers
weromsjen op dizze nuvere Corona-tiid?

Wier, hy wist it net, al like ien ding toch wol
wis: Syn gekuch waard al krekt wat minder.
De kiel die wat minder sear.

Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân