No ek Fryske foarlêsfilmkes yn de kolleksje fan 'De Voorleeshoek'
Yn de foarlêsfilmkes fan ‘De Voorleeshoek’ wurdst foarlêzen út bekende (printe)boeken, mei byld en muzyk. Oan de meartalige kolleksje fan ‘De Voorleeshoek’, wurde no neist de besteande filmkes yn de talen Syrysk-Arabysk, Marokkaansk-Arabysk, Turksk, Farsy en Papiamentu, ek 25 foarlêsfilmkes yn it Frysk taheakke. Fan 1 septimber ôf steane alle filmkes online en kinne bern lústerje nei ferhalen yn in taal dy’t foar in soad Fryske húshâldingen tichtby fielt. Harkje en sjoch nei bygelyks Omke Ûle, Prinses Pompebledsje, Pykje fjouwer en de nije ferhalen fan Tys & Teske, foarlêzen troch Janneke Brakels en Paul van Dijk. De foarlêsfilmkes binne geskikt foar bern fan 2-10 jier.
Elk bern fertsjinnet in ferhaal yn syn eigen taal
Foarlêze yn de eigen taal is fan grutte wearde. It draacht by oan taalûntwikkeling, lêsplezier en werkenning. Dyn eigen taal is úteinlik de taal fan dyn hert en lit dy wolkom fiele.
De yntroduksje fan de Fryske foarlêsfilmkes hjoed yn de biblioteek fan Drachten, slút moai oan by de start fan de Fryske Lês mar Foar-wiken (1 o/m 25 septimber 2026). Yn ‘e mande mei de berne-opfang, organisearje lêsmediakonsulinten fan de Fryske biblioteken ferskate aktiviteiten dy’t foarlêze en lêsplezier yn it Frysk stimulearje.
De Fryske foarlêsferhaaltsjes binne makke yn in gearwurking fan De Voorleeshoek, de Fryske Biblioteken, Afûk, Cedin, SFBO en de Koninklijke Bibliotheek Nederland. It projekt is finansiere troch Provinsje Fryslân en It Kultuerfûns.
De Fryske foarlêsfilmkes binne oant en mei novimber fergees te besjen fia De Voorleeshoek. As’t lid bist fan de biblioteek, binne alle filmkes altyd fergees te finen fia www.jeugdbiblioteek.nl.