Noflike lêsdagen mei ús aksje Doch in boek kado!

Bûten is it kâld en tsjuster mar yn ‘e hûs is it waarm en smûk. Us advys: begraaf dy lekker mei in steapel boeken op de bank want dit binne de noflikste lêsdagen fan it jier! Yn ús boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert en/of yn ús websjop fynst in hieieiel soad boeken dy’t it lêzen mear as wurdich binne! Enne, in moai boek is fansels ek super leuk om kado te dwaan #dochinboekkado. Fansels pakke we dyn kado of kadootsjes moai yn en dyn online bestelling ferstjoere wy om de feestdagen hinne faak ek noch ekstra foardielich.

Ynpakservice en fergees ferstjoeren
Om de feestdagen hinne is winkeljen by de Afûk nóch leuker en foardieliger as oars! Wy pakke dyn kadootsjes yn mei it moaiste kadopapier en fan takomme sneon 11 desimber ôf wurdt in hiele wike lang dyn bestelling ek noch fergees by dy thúsbesoarge!

Bestel ienfâldich
Bestellen is hiel ienfâldich! Download de ferlanglist, printsje ‘m út, krús oan hokker boeken asto kado jaan wols, folje dyn gegevens yn en stjoer ’m op nei de Afûk Fryske boek- en kadowinkel (Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert). Wy stjoere dyn bestelling (mei in rekken) dan sa gau as mooglik nei dy ta. Kinst de ferlanglist fansels ek meinimme ast nei ús winkel ta komst. Of brûk de ferlanglist foar dysels om oan oaren troch te jaan hokker boeken ast séls graach krije soest.

Gjin ferstjoerskosten
Yn de wike fan 11 oant en mei 18 desimber betellest gjin ferstjoerskosten (binnen Nederlân)! Dat jildt foar de ynstjoerde ferlanglisten, mar ek ast de boeken yn dy wike bestelst fia websjop.afuk.frl. Meitsje yn dat gefal gebrûk fan de koartingskoade: DIBKKRYST21 by it pleatsen fan dyn bestelling.

Wy winskje dy in soad winkel- en lêswille ta!

Folgje de Afûk op Facebook en Instagram foar mear moaie aksjes! Of abonnearje dy op ús digitale nijsbrief. Oant sjen!