Rôze Sneon
Sneon 16 oktober is it Rôze Sneon. Dat wurdt dit jier fiert yn Ljouwert mei in machtich moai kleurryk en wiidweidich programma. Ek yn de literatuer is der op allerhanne wizen omtinken foar de LHBTY+ tematyk en dêrom ferskynt net hielendal tafallich dizze sneontemiddei de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan, Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril / Jij draagt de liefde aan, Literatuur van Friesland door een roze bril’.
Op sneon 16 oktober de middeis is by Tresoar de presintaasje fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril / Jij draagt de liefde aan, Literatuur van Friesland door een roze bril‘. It boek befettet poëzy en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk yn it Frysk en it Nederlânsk. Der binne goed hûndert fragminten opnommen, ôfkomstich út it wurk fan rom santich skriuwers. It boek leit fan hjoed ôf yn ‘e boekhannel dus kom, as’t yn de stêd bist, ek even lâns yn ús boek- en kadowinkel (njonken Tresoar).
Ek nijsgjirrich: foar de edukaasjewurkgroep fan Friesland Kleurt binne de makkers fan it printeboek Kening en Kening by it middeisprogramma yn Neushoorn oanwêzich mei in workshop foar bern fan 6 jier ôf.
Sjoch foar it hiele programma op rozezaterdag2021.nl.