Skriuwer Sam McBratney fan it bekroande printeboek 'Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?' stoarn

Foarige wike makke útjouwerij Walker Books bekend dat op 77-jierrige leeftiid de geastlike heit fan Lytse en Grutte Ljochtbrune Hazze ferstoarn is. Syn wrâldferneamde printeboek ‘Guess how much I love you’, mei yllustraasjes fan Anita Jeram, ferskynde yn mar leafst 57 talen, wêrûnder it Frysk. ‘Sa fier as de moanne, sa mâl bin ik mei dy’ is wierskynlik wol de bekendste sin út it boek. Okkerdeis ferskynde by útjouwerij Afûk noch de sechsde printinge fan de karton-edysje fan ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’.It berneboek út 1994 ferskynde yn datselde jier ek by de Afûk, yn in Fryske oersetting fan Gerda van der Wijk. Troch de jierren hinne kamen der meardere werprintingen út en tsjintwurdich kin it boek, ek yn Fryslân, mei rjocht en reden in ‘klassiker’ neamd wurde. Underwilens binne der oer de hiele wrâld likernôch 50 miljoen eksimplaren fan ferkocht. ‘It oandiel fan de Fryske edysje, mei sa’n 12.500 eksimplaren, mei op dat oantal miskien net grut lykje, mar foar in lyts taalgebiet lykas Fryslân is dat enoarm. En dat wy dêr dan de útjouwer fan binne, dêr binne wy grutsk op’, sa seit Ida Heddema fan útjouwerij Afûk.

Yn 2014 wie Sam McBratney haadgast by it 20-jierrich jubileumfeest fan de útjouwer Walker Books yn Bologna. Walker Books hie dêr alle útjouwers fan ko-produksjes útnûge. Ida Heddema, dy’t dêr foar útjouwerij Afûk oanwêzich wie: ‘Hy wie der hiel grutsk op dat syn boek yn safolle talen oersetten is. Mei elke nije oersetting wie er like fereare.’

Ein dizze moanne ferskynt de opfolger fan ‘Guess how much I love you’, earst allinne yn it Nederlânsk, ûnder de titel ‘Wil je mijn vriend zijn?’, mar letter ek by de Afûk yn it Frysk.

Sjoch ek www.websjop.afuk.frl.