Studinten fan ROC Friesland College sette basisskoalle op slot

Oan de ein fan in yntinsive perioade sette 13 mbû-studinten fan ROC Friesland College de ôfrûne dagen OBS Ekke de Haan yn Hearrenfean op de kop. Oan de hân fan it spannende escape(class)roomspul Anno N. fersus skoalbern binne sy, mei de learlingen fan de basisskoalle de striid oangien mei it pesten op skoallen.Alle studinten hawwe de ôfrûne perioade it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’ folge en sa wurke oan harren eigen taalfeardigens. Wichtich part fan it kardiel is fansels it stâl jaan oan it Frysk yn de eigen beropspraktyk. Yn de lessen hawwe studinten harren taret op de útfiering fan de escape(class)room en guon ûnderdielen justjes oanpast nei de sitewaasje op OBS Ekke de Haan. De útfiering fan dit projekt en de begelieding fan de learlingen yn de klassen is ûnderdiel fan harren eksamen Frysk.

It wie foar it earst dat sa’n grutte groep studinten mei-inoar dit projekt útfierden en in hiele basisskoalle trije dagen achter elkoar begelieden. Mei-inoar yn stee fan tsjininoar, dat wie de iennige manier foar learlingen (mei help fan de studinten) yn dit ynteraktive spul om út de greep fan hacker Anno N. komme te kinnen. Anno N. fersus skoalbern is in edukatyf Frysktalich escape(class)room-spul oer pesten en freonskiplik omgean mei de oar. No’t studinten fan it mbû (en takom skoaljier ek it hbû) basisskoallen begeliede, leveret it projekt in wichtige bydrage oan de doelstellingen fan Taalplan Frysk 2030.

Direkteur Alex de Jager fan de Afûk is bliid mei de gearwurking: “Mei ferskate partners wurkje wy oan it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Mei dizze yntegrale oanpak, keppele oan wichtige maatskiplike tema’s, meitsje wy it Frysk ûnderdiel fan de deistige aktiviteiten op skoallen.”

Anno N. fersus skoalbern is in projekt fan de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College en wurdt oanbean yn it ramt fan Taalplan Frysk 2030. Basisskoallen kinne har fergees oanmelde foar it projekt fia www.annon.frl.