Tredde Musical Master Gysbert giet los!

Nei it grutte sukses yn 2016 fan Musical Master Gysbert I ‘Inkele reis Sabeare’ en de twadde Musical Master Gysbert ‘De Pompeblêdspion’ yn 2018, giet moarn, 28 septimber 2021, Musical Master Gysbert III ‘Master hat leaver leaf’ yn premjêre.De tredde foarstelling yn de Master Gysbert-rige giet fan start yn Boalsert. Yn Sporthal de Middelzee komme de earste groepen skoalbern by de foarstelling dy’t sa’n fiif kertier duorret. De musical is in artistike produksje fan tekstskriuwer en regisseur Tjerk Kooistra, ek bekend as regisseur fan Iepenloftspul Jorwert. It nije musicalferhaal sit grôtfol meartalichheid, taalgrappen, aktuele ferwizingen, absurditeiten en prachtige lieten. Akteurs binne Wybo Smids, Anke Boersma, Annemiek Schuurman en Thijs Meester.

De musical giet -on tour- mei 26 foarstellingen en sil nei Boalsert ek foarstellingen foar de skoalbern fan de groepen fiif o/m acht jaan yn De Koornbeurs yn Frjentsjer, De Bidler yn Wergea en de Skâns op ‘e Gordyk. Yn de hjerstfakânsje binne der famyljefoarstellingen, foar jong en âld, yn Teäter Snits. Foar de groepen ien o/m fjouwer is der in foarstelling yn it nije kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert.

Musical Master Gysbert is in edukaasjeprojekt út de Gysbert Japicx Holckema Stichting wei, dat no organisearre wurdt út De Tiid wei, dat lykas de Stichting it doel hat om de Fryske taal en it ferhaal oer Gysbert Japicx libben en yn eare te hâlden. It projekt wurdt stipe troch Provinsje Fryslân, Gemeente Súdwest-Fryslân en tal fan fûnsen en stichtingen dy’t harren sterk meitsje foar de Fryske taal.

Neist de musical kinne alle bern yn de provinsje meidwaan oan it online-lesprogramma ‘Gysbert Japicx en de Fryske taal’ en sa meidwaan mei in Frysk gedicht oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis sil op sneon seis novimber, yn kombinaasje mei de provinsjale Gysbert Japicxpriis, útrikt wurde yn Boalsert. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.gysbert.frl