Twa kear trije is fjouwer: Pippi Langkous yn it Frysk ferskynt ynkoarten by útjouwerij Afûk

It is fan ‘t jier 75 jier lyn dat de Sweedske skriuwer Astrid Lindgren (1907-2002) it famke Pippi Langkous yntrodusearre. Earst ferskynde it stoere famke mei de reade flechten yn boeken en letter kaam se ek op telefyzje. Fan har aventoeren ferskynt begjin novimber in Fryske oersetting by útjouwerij Afûk. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

“It wie machtich om te dwaan”, fertelt oersetster Martsje de Jong, sels entûsjast Pippi-fan, yn in ynterview mei Omrop Fryslân. “Ik seach it yn myn jeugd op telefyzje en letter ha ik de dvd’s mei myn eigen bern griis draaid en ik fyn it noch leuk.” Lês mear oer – of harkje hjir nei it ynterview.

Earder hat De Jong al ‘Karlsson fan it dak‘ fan Lindgren foar de Afûk oerset. Tryater makke der in famyljefoarstelling fan dy’t ôfrûne winter yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert te sjen wie.

Hoe’t de Fryske Pippi der útsjocht en hoe’t se yn it Frysk klinkt? Dat bliuwt noch even in ferrassing. Mar as’t neat misse wolst, hâldst foar it lêste nijs ús webside en social media kanalen yn ‘e gaten!