Ynspiraasje foar Frysk en meartalich ûnderwiis op WOW Frysk ûnderweis

Sa’n 275 ûnderwiisprofessionals kamen juster yn Blauhús by-inoar foar it ûnderwiisevenemint WOW Frysk ûnderweis. Learkrêften, dosinten en meiwurkers út alle ûnderwiissektoaren (foarskoalsk, primêr, fuortset en spesjaal ûnderwiis, mbû en hbû) koene ynspiraasje opdwaan foar it (fak) Frysk yn it ûnderwiis. It evenemint makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

De grutte belangstelling foar it evenemint lit sjen dat it Frysk libbet yn it ûnderwiisfjild. Skoallen en organisaasjes út alle ûnderwiissektoaren sette harren yn foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal. Sa wurkje se mei-inoar oan it Frysk en de trochgeande learline: fan pjut oant promovendus.

Taalskerp lesjaan
It tema fan de dei wie Taalskerp lesjaan. It is fan belang om omtinken te hawwen foar de talige en kulturele eftergrûn fan bern yn ‘e klasse. De thústaal is in opstap om oare talen te learen. De dielnimmers koene fia wurkwinkels op ferskate plakken yn it doarp û.o. kennis garje oer it fergrutsjen fan lêswille en lêsfeardigens by learlingen. Dêrneist wiene der ek wurkwinkels oer it brûken fan it Frysk by oare fakken (mei de Fak Taal Formule) en it ynsetten fan sjongen of poëzy yn de lessen.

Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).

Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.