Nûgje de BBA út!

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

Dêrfoar kin de BBA útnûge wurde op skoallen, yn bibleteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals.

Ha jo in idee of in evenemint wêr’t jo de Berneboeke-ambassadeur útnûgje wolle, nim dan kontakt op fia it opjefteformulier. Hjirûnder in stikmannich foarbylden wat de Berneboeke-ambassadeur dwaan kin.

Fuortset ûnderwiis

De Berneboeke-ambassadeur hat har yn it bysûnder talein op it fuortset ûnderwiis. Sy komt graach by jim del om te fertellen oer hoe moai't lêzen wêze kin en hokker wrâlden der yn boeken te ûntdekken binne. Yn in op maat makke wurkwinkel nimt de Berneboeke-ambassadeur de learlingen mei yn in reis fan boeken en lêzen.

Basisskoalle

De Berneboeke-ambassadeur komt yn de klasse om ynteraktyf foar te lêzen, te fertellen, fragen te beäntwurdzjen en mei de bern te praten oer har eigen en oare Fryske berneboeken.

Sa’n klassebesite duorret 1 oere per groep, by groepen 3 o/m 8. Foar de groepen 1 en 2 wurdt net langer as in healoere advisearre. In skoalle kin de BBA foar maksimaal 3 oeren deis útnûgje. De boeken dêr’t sy it meast mei wurket, binne oan te skaffen fia de spesjaal dêrfoar gearstalde Lêspakket.

MBU, HBU

(bygelyks Pabo, opleiding ondewijsassistent)

Al of net mei in PowerPointpresintaasje jout de BBA in lêzing oer (it skriuwen fan) Fryske berneboeken, it moaie fan meartaligens en/of it belang fan lêzen. Fansels kinne der fragen steld wurde. In les duorret likernôch in oere, mar kin yn oerlis ek langer of koarter makke wurde.

De Berneboeke-ambassadeur kin ek in wurkwinkel kreatyf skriuwen jaan.

Bibleteek

Bibleteken kinne de Berneboeke-ambassadeur ek útnûgje. Ek dêr kin se foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje oer Fryske berneboeken.

Evenemint

De Berneboeke-ambassadeur kin oanwêzich wêze op boekedagen, boekefeesten, foarlêseveneminten, stúdzjedagen, iepenings of oare eveneminten dy’t te meitsjen ha mei Fryske berneboeken. Fernim nei de mooglikheden.

Sjuery

Fansels is de Berneboeke-ambassadeur altyd ree in sit te nimmen yn in sjuery fan Fryske foarlês-, foardrachts- of skriuwwedstriden.

Soarchynstelling

De BBA kin delkomme op berneôfdielings fan sikehuzen of yn praktiken fan (toske)dokters om foar te lêzen en te advisearjen oer moaie Fryske boeken yn wachtkeamers.

Folje mar yn…

Ha jo in goed idee om de BBA yn te skeakeljen foar noch krekt in oare aktiviteit? Nim gerêst kontakt op foar oerlis.