Fuortset ûnderwiis

De Berneboeke-ambassadeur kin ek útnûge wurde foar in besite oan it fuortset ûnderwiis. Sy komt graach by jim del om te fertellen oer hoe moai’t lêzen wêze kin en hokker wrâlden der yn boeken te ûntdekken binne. Yn in op maat makke wurkwinkel nimt de Berneboeke-ambassadeur de learlingen mei yn in reis fan boeken en lêzen.