Soarchynstelling

De BBA sil har yn it bysûnder lizze om lêswille te fersprieden op plakken dêr’t lêzen en selsfertrouwen net altydfanselssprekkend binne, want lêswille is ek de springplanke nei libbenslok. Sy komt graach by jim del om te fertellen oer hoe moai’t lêzen wêze kin en hokker wrâlden der yn boeken te ûntdekken binne.

Yn in op maat makke wurkwinkel nimt de Berneboeke-ambassadeur de learlingen mei yn in reis fan boeken en lêzen. De BBA kin delkomme op berneôfdielings fan sikehuzen, mar ek yn praktiken fan (toske)dokters of jongereinhelpynstellings om te fertellen oer boeken, foar te lêzen en te advisearjen oer moaie Fryske boeken yn bygelyks wachtkeamers.