Tialda Hoogeveen
Ambassadeur 2023, 2024Tialda Hoogeveen (1974) is skriuwer en sjoernalist. Se skriuwt foar bern en foar folwoeksenen, yn it Frysk en yn it Nederlânsk, fiksje en non-fiksje, artikelen en poëzij. Yn har boeken spylje skiednis en natuer faak in rol. De haadpersoanen yn har ferhalen binne gauris op syk nei harren plak yn de wrâld en it libben.
Fan har hân ferskynden koartlyn ‘Abe en de Aardichman’, de Fryske oersetting fan it printeboek ‘Maia en har freonen’. Troch it jier hinne kinst fan har lêze yn de jongereinmagazines Tsjil en LinKk.
As Skoalskriuwer hat sy oan it wurk west yn Gerkeskleaster, de Gerdyk en it Hearrenfean om sa bern entûsjast te meitsjen foar taal en ferhaal.
Mear oer Tialda kinst fine op tialdahoogeveen.nl.