Lêspakketten

De Berneboeke-ambassadeur kiest alle jierren in tal Fryske berne- en jongereinboeken, foar alle leeftiden, dy’t sy graach ekstra yn it sintsje sette wol. It binne bysûndere boeken dy’t in grut Frysk taaleigen biede, plezierich (foar)lêze of tige gaadlik binne foar allerhande kreative of taalkundige ferwurkingsopdrachten.

Sy binne mei-inoar te bestellen as Lêspakket, mei in spesjale koarting. By in soad titels binne ek lesbrieven makke, dy’t fergees te downloaden binne op dizze webside. Untbrekkende lesbrieven wurde geandewei it jier tafoege.

Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen hat ek foar 2023 in Lêspakket gearstald. Diskear fiif bysûndere boeken foar de jongere en âldere jongerein.